Faksinearjen op Waadeilannen set tiisdei útein

12 feb 2021 - 12:00

De Fryske GGD hat de ôfrûne wike 4.265 minsken faksinearre tsjin it coronafirus, ûnder wa 2.883 âlderen. Dat hienen der mear wêze sild, mar it winterwaar siet it faksinearjen dwers. De GGD hopet dy achterstân rap wer yn te rinnen. Mei yngong fan tiisdei begjint it faksinearjen op de Waadeilannen.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Yn totaal hat de GGD Fryslân no 16.000 minsken in prik jûn tsjin it coronafirus, ûnder wa 7.391 âlderen. Freed steane 1.300 faksinaasjes ynpland.

Tiisdei begjint it faksinearjen fan âldere bewenners en soarchmeiwurkers fan de Waadeilannen. Alle faksinaasjes waarden oant no ta dien mei it faksin fan BioNTech/Pfizer. Takom wike is foar it earst it Oxford-faksin fan AstraZeneca beskikber. Soarchmeiwurkers dy't noch op de wachtlist stienen, krije dat faksin.

Spesjale helikopter bringt faksin nei eilannen

Lanlik wie dizze wike yn it nijs dat it rûnbringen fan faksins nei soarchynstellingen net altyd goed ferrint. Dat hat in negative ynfloed op de kwaliteit fan it faksin, skreau it AD. Dy problemen spylje net by de GGD Fryslân. "De priklocatie in Leeuwarden en ook de zeven nieuwe locaties die er nog komen - krijgen de vaccins op correcte wijze rechtstreeks geleverd vanuit het depot in Oss", meldt de GGD. Foar it ferfieren fan de faksins nei de Waadeilannen brûkt de GGD in spesjale helikopter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)