Moasje foar oantrúnjen op 'Aanvalsplan Grutto' oannaam yn Twadde Keamer

12 feb 2021 - 10:37

In mearderheid fan de Twadde Keamer stipe tongersdei in moasje om minister Carola Schouten fan Lanbou en Natuer te freegjen binnen seis wiken oan te jaan hoe't sy it 'Aanvalsplan Grutto' útfiere wol. Yn 2020 waard it plan oanbean oan minister Schouten en de Keamer. It plan waard doe hertlik ûntfongen, mar in goede wize fan it finansierjen is net tasein.

Skries yn plasdras - Foto: Gerrit Harmen Rypma

It plan komt by âld-minister Pieter Winsemius wei, yn gearwurking mei tal fan ynstânsjes lykas It Fryske Gea, de Friese Milieu Federatie en Vogelbescherming Nederland. Ek seis greidefûgelprovinsjes jouwe stipe.

De partijen VVD, CU, CDA, D66, GL, PvdA en SP hawwe no in moasje stipe om oan te trúnjen op de útfiering en it finansierjen fan it plan.

Rûchwei komt it Aanvalsplan Grutto, dat yn april ferline jier nei bûten kaam, der op del dat der 1.000 bunder grutte gebieten komme moatte foar de skries, mar ek foar oare greidefûgels. En dat moat gebeure yn de fiif provinsjes dêr't de measte skriezen briede, mei Fryslân yn in haadrol.

De ynrjochting en it behear moatte yngreven oanpast wurde. Boeren yn de gebieten moatte der wis fan wêze dat sy der ek op lange termyn genôch fertsjinje kinne. It tal kij moat oanpast wurde op it lân, sadat der minder yntinsyf buorke wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)