Hûs yn Drachten tichtsmiten nei fynst himpkwekerij

12 feb 2021 - 09:36

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân hat in hûs oan it Voorhuis yn Drachten slute litten omdat dêr in himpkwekerij fûn is. De kwekerij besloech ferskate keamers. Dêrfoar waard ek stroom ôftape.

Foto: ANP

It hûs bliuwt trije moannen ticht. Dat moat drugskriminaliteit tsjingean en de feilichheid en leefberens fergrutsje, is de bedoeling.

Smellingerlân hat yn desimber it hanthaveningsbelied oanpast. Yn de takomst wurde gebouwen earder ticht smiten as oars, seit de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)