Piet Paulusma: "Dit wykein noch folop winter, dêrnei teiwaaroanfal"

De lege temperatueren moasten ôfrûne nacht fierwei komme, seit waarman Piet Paulusma. Tongersdeitejûn wie der noch bewolking en pas by helder waar wurdt it echt kâld. Dat wie freedtemoarn it gefal: -7 yn Ljouwert en sawat -10 yn it easten fan de provinsje.
© Omrop Fryslân
Leaver ha je dat it de hiele nacht kâld is, as je hoopje op iisgroei.

Lege gefoelstemperatuer

De kommende dagen wurdt it waar minder 'freonlik', seit Paulusma. "Mar we krije ek mear sinne. Freed meast sinneskynwaar, mei -2 of -3 graden. Mar troch de wyn fielt it kâlder oan. De gefoelstemperatuer sit tusken de -8 en -15 graden."
Yn de nacht fan freed op sneon sakket dy gefoelstemperatuer noch wat. "It wurdt in echte folle winternacht, fan -7 of -8 op de eilannen oant -9 of -11 op it fêstelân. Dat is strange oant matige froast. De wyn makket dat de gefoelstemperatuer leit tusken de -15 en -20."
Sneon wurdt ek in folle winterdei: "-2 graden oerdei, dus it bliuwt friezen. In kâlde eastewyn. Yn de nacht bliuwt it helder."

Moandei waarmer

In dei letter feroaret der wat, seit Paulusma. "Earst sinne, dêrnei wat mear bewolking. Oerdei 0 graden. In kâlde súdeastewyn. Yn de nacht wer lichte froast, miskien mei kâns op lichte snie. Moandei komt de teiwaaroanfal, mei snie, rein en izel. Yn de moarntiid is it noch wol ûnder 0, mar letter 2 of 3 graden boppe nul."
It waarberjocht fan Piet Paulusma is altyd te finen op omropfryslan.nl/waar.