Unbegryp by KNSB oer beslút regearing om maratons op natueriis te ferbieden

"Ik snap dat de regearing yn in lestige situaasje sit. Mar dat se sizze dat we op dit stuit gjin maraton op natueriis hâlde kinne, dat snap ik net." Willem Hut, kompetysjelieder maratonriden by de KNSB baalt derfan. De regearing hat de plannen fan de KNSB en House of Sports om coronaproof in NK maraton te organisearjen ôfkard.
Willem Hut © Orange Pictures
Willem Hut (KNSB) en Peter de Vries (Jumbo-Visma)
De druk op de soarch en de plysje soe te grut wêze, neffens it kabinet en de boargemasters fan it Veiligheidsberaad. Sy wiene net oertsjûge fan de plannen. "We witte hoe't we derfoar steane mei corona", seit Hut. "Mar as KNSB koenen we mei ûnder oare House of Sports en natueriisferieningen selsfoarsjennend wat organisearje, kwa medysk, kwa befeiliging en crowdmanagement."

Opsjitte, oars is it iis fuort

Tongersdei is it hiele maratonpeloton noch test op corona en de KNSB seach al nei lokaasjes om in eventueel NK op natueriis te hâlden. "We rûnen net foarút op de saken, we wienen yn oerlis mei elkoar. Mar je moatte wol opsjitte, want oars is it iis fuort. We ha útlein hoe't je it coronaproof organisearje kinne, op lokaasje, yn in bubbel, mei allegear testen. Dan komt dit wol hurd oan."
Ik ha gjin momint mear tocht dat it net trochgean soe.
Peter de Vries, ploechlieder Jumbo-Visma
De maratonploegen út de topdifyzje wienen der ek wol klear foar. "Dan is dit in mokerslach", seit Peter de Vries, ploechlieder fan de maratonploech fan Jumbo-Visma. "Mei ús allen wienen we yn de ferûnderstelling dat it de goede kant op gong. Woansdei krigen we om 16.00 oere berjocht dat we foar 18.00 oere in list oanleverje moasten mei allegear nammen. Dan tinke je: it giet oan, as it sa hurd moat! Ik ha gjin momint mear tocht dat it net trochgean soe."
Al mei al baalt De Vries dus flink. "Moandei sei de minister dat se iepen stie foar in plan. En fjouwer dagen letter sjit se it ôf, wylst je witte dat we it coronaproof dwaan kinne. Dat fyn ik skande."

Grutte drokte op it iis

Foar de kommende dagen wurdt grutte drokte op it iis ferwachte. "Hûnderttûzenen minsken stappe dit wykein it iis op", seit De Vries. "Dan kinne se my net útlizze dat dêr net noch 200 sporters by kinne. Dat begryp ik net."
It argumint dat De Vries te hearren krigen hat is dat it net allegear te kontrolearjen is. "Mar wat ik tink, en dat ha se net sein: as se it by ús tasteane, dan moatte se by in oar ek."