Krieën en roeken slope reiden kap fan mûne yn Wolvegea

12 feb 2021 - 08:10

Mûne Windlust yn it sintrum fan Wolvegea hat bot lêst fan krieën en roeken. De fûgels ha de ôfrûne moannen safolle strie út de reiden kap helle, dat der grutte keale plakken ûntstien binne. Albert Hendriks, dy't yn de buert fan 'e mûne wennet, wit net wat er sjocht: "Ik meitsje in soad foto's fan mûnen yn hiel Fryslân, mar safolle roeken en krieën as by dizze ha ik noch nea sjoen. En de skea dy't se oanrjochtsje, dat is hielendal raar."

Mûne Wolvegea hat bot lest fan krieën

Op de omloop om 'e mûne út 1888 hinne en op 'e grûn yn 'e snie leit oeral reid. "Soms sitte hjir wol hûnderten fûgels, benammen moarns en jûns. Dan sjochst hoe't se mei reid yn 'e snaffel fuortfleane. Yn dit tempo is de mûne oer in pear moanne keal, tink ik", seit Hendriks.

Neffens him moat der ynkoarten wat barre oan de oerlêst. Dêrom socht er kontakt mei de gemeente, dy't eigener fan it monumint is. "Ik ha de wethâlder te pakken krigen, dy wie hjir net fan op 'e hichte. Hy soe dernei sjen, sei er."

Trefwurden: 
Wolvegea mûne roeken krieën
(Advertinsje)
(Advertinsje)