Kok topfavorite op 500 meter, Wüst en De Jong feroarje taktyk op efterfolging

12 feb 2021 - 07:55

Op de twadde dei fan it wrâldkampioenskip ôfstannen binne der grutte medaljekansen foar de Fryske reedriders. Yn Thialf is Femke Kok de topfavorite op de 500 meter, dy't ek riden wurdt troch Suzanne Schulting. By de ploege-efterfolgingen sille Ireen Wüst en Antoinette de Jong saken oars dwaan om de konkurrinsje te tûk ôf te wêzen. Sven Kramer hat him ôfmeld foar de ploege-efterfolging.

Foto: Omrop Fryslân

Programma fan de Fryske reedriders:

  • 15.10-15.28 ploege-efterfolging froulju mei Antoinette de Jong en Ireen Wüst
  • 17.00-17.25 500 meter froulju mei Femke Kok en Suzanne Schulting

Op de radio is de twadde dei fan it WK ôfstannen live te folgjen by Omrop Fryslân. Ut Thialf docht Andor Faber it kommentaar tegearre mei in analist. Dat is hjoed âld-reedrider Douwe de Vries, dy't fiif kear wrâldkampioen op de ploege-efterfolging waard.

500 meter

By de beide wrâldbekerwedstriden gie de oerwinning op dizze ôfstân nei Femke Kok. Dochs sil se foarôf net sizze dat se op dit WK ek winne sil. "Sa maklik is dat gewoan net. De resultaten op de wrâldbekers biede gjin garânsje dat it op it WK ek sa giet. It wurdt hiel spannend. Der binne in hiel soad kânshawwers", seit de rydster fan Nij Beets, dy't yn Angelina Golikova, Olga Fatkulina en Vanessa Herzog de grutste konkurrintes sjocht.

Suzanne Schulting stiet ek oan de start fan de 500 meter, mar mei hiel oare ferwachtingen as Kok. "Ik zie mezelf niet één, twee, drie op het podium rijden. Ik wil wel graag mijn persoonlijke record (37,71) evenaren. Ik denk dat je eerder zo moet kijken dan naar een podiumplek. En misschien verras ik wel heel erg en rijd ik wel podium."

Femke Kok en Suzanne Schulting

Ploege-efterfolging froulju

De froulju op de ploege-efterfolging sille it oars dwaan as by de lêste wrâldbekers. Ireen Wüst, Antoinette de Jong en Irene Schouten foarmje de Nederlânske ploech op it WK. By de wrâldbekers einige Nederlân twa kear as twadde efter Kanada, dat coacht wurdt troch de Fries Remmelt Eldering. "Op papier zit er een mindere schakel tussen, maar ze rijden ons bijna op een seconde", fertelt Wüst oer de Kanadezen. "Als we nergens echt fouten hebben gemaakt, moeten we de tactiek wellicht aanpassen. Dus dat gaan we doen."

Nederlân sil mear triuwe en minder faak wikselje. "Liever hadden we meer wereldbekers gehad, zodat we dit kunnen oefenen. We hebben geen idee hoe het in de praktijk gaat uitpakken, maar ik denk dat we zeker voor de titel kunnen gaan."

Datselde tinkt De Jong, dy't de wrâldtitel absolút noch net út har holle set hat. "It is in gok, sa foar it WK, mar ik ha der alle fertrouwen yn", sa seit de nije wrâldkampioene op de 3.000 meter.

Ireen Wust en Antoinette de Jong oer de ploege-efterfolging

(Advertinsje)
(Advertinsje)