It Fryske Gea ropt op: "Reedriders, bliuw út reid en natuer wei"

12 feb 2021 - 07:35

Reedriders, bliuw út it reid by natuergebieten wei. Mei dy oprop komt natuerbehearder It Fryske Gea. De organisaasje begrypt hiel goed dat minsken it natueriis opsykje. En It Fryske Gea is 'leveransier fan moaie gebieten', sizze se sels. Mar troch mei de redens troch it reid te fleanen, is de kâns grut dat je wylde bisten lykas reeën en fûgels fersteure.

Fûgels kinne noch by stikken wetter yn it Griene Stjer-gebiet - Foto: Omrop Fryslân

Troch de froast binne in soad bisten al kwetsber, jout It Fryske Gea oan. Fûgels kinne bygelyks minder maklik oan iten komme. "Se ha it dreech", fertelt Walter Bosma, behearder by It Fryske Gea. "En dan ha we ek noch de fûgelgryp hân, dus guon eksimplaren binne al ferswakke. As je dan de hiele tiid opfleane moatte mei minder fretten, dan falt it gau yn it neidiel út."

Enerzjy sparje

Dêrom is it ek wichtich dat it om de wekken yn it iis hinne rêstich bliuwt. Want dêr kinne fûgels noch by it wetter komme. Wa't te ticht by fûgels yn de buert komt, kin derfoar soargje dat se opfleane en in oar plak sykje moatte. "En it is just sa wichtich dat se har enerzjy sparje."

In stek fan It Fryske Gea - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

By de Iselmarkust hawwe behearders al ferskate hurdriders en rekreanten út it reid wei helle. It giet om bygelyks de Warkumerwaard, mar ek it Murnzer Klif. Mar eins jildt de oprop foar alle natuergebieten. "It is in fassinearjend gesicht, al dy fûgels. Mar it is wol in fersteuring."

Noed oer it wykein

Bosma sjocht mei wat soargen nei de kommende dagen. "Ik hâld in bytsje myn hert fêst, moat ik earlik sizze. Mar der is genôch romte tusken de gebieten om goed te reedriden. Dat liket my ek feiliger."

(Advertinsje)
(Advertinsje)