Plysje hâldt man oan nei wylde achterfolging yn Drachten

De plysje hat yn Drachten in man oanholden nei in wylde achterfolging. De man fan 28 út Ljouwert hie him neat oanlutsen fan in stopteken en naaide út. Mei trije plysje-auto's waard er úteinlik klem riden.
© ANP
De man krige in stopteken op de Gauke Boelensstrjitte yn Drachten, omdat de plysje wist dat de man gjin rydbewiis hie. Dêr wie er twa kear earder foar pakt. Mar de man ried fuort de Zuiderhogeweg op, meldt de plysje. Dêrby ried er troch read en helle er oan beide kanten oare auto's yn. En neffens de plysje ried er dêrnei op de Noorderhogeweg noch hurder en gefaarliker.
Hy waard mei trije plysje-auto's klem riden en is dêrnei oanholden. De auto fan de man is yn beslach nommen. Der wurdt proses-ferbaal tsjin him op makke foar ûnder oare it riden ûnder ynfloed, riden sûnder rydbewiis, mear as 50 kilometer yn 'e oere te hurd riden en it negearjen fan in read ferkearsljocht.