Liveblog | 12 febrewaris 2021

WINTERBLOG freed 12 febrewaris: mear as 100 iisslachtoffers yn sikehuzen

It is winter yn Fryslân. Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút.
Lêst bywurke: 15 febrewaris 2021, 09:23
freed 12 febrewaris 2021
21:08

Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog hjoed ôf. Tank foar it folgjen. Moarn is der wer in liveblog oer it winterwaar yn Fryslân.
19:42

Wintersk Fryslân yn trije koarte fideo's

Sjoch hjirûnder nei trije koarte fideo's fan Fryslân yn winterske sfearen. De earste is makke op de Boalserter feart, dêr't in reedrider troch de snie knoffelet. De twadde is makke boppe de iisbaan fan Balk, en de tredde yn Dronryp.
18:49

Fryske sikehûzen melde mear as 100 iisslachtoffers yn ien dei, MCL skaalt op

Yn de Fryske sikehûzen binne hjoed mear as 100 minsken behannele mei brutsen bonken en oar wintersk letsel. Dat melde de sikehûzen. It giet benammen om minsken mei in brutsen pols.
It sikehûs fan Ljouwert hat de soarch opskaald: de saneamde gipskeamer is dêr ek yn gebrûk naam om minsken mei brutsen bonken te behanneljen. Yn totaal binne der yn it MCL sa'n 25 minsken behannele.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
De measte slachtoffers melden har by it sikehûs fan Snits. Neffens wurdfierder Janet Jousma wiene dat der mear as 50. Dat is in protte, seit se. "En de druk op de zorg is sowieso al hoog. We roepen mensen op om voorzichtig te zijn."
Yn Hearrenfean binne sa'n 35 minsken behannele mei wintersk letsel, en it sikehûs fan Drachten meldt dat dêr ûngefear 20 slachtoffers binnenkaam binne.
17:57

Ynspeksjefoto's fan It Amelân

17:20

FIDEO: Drokte op it iis

Fryslân hat hjoed manmachtich de redens ûnder bûn. It iis wie net oeral even moai, mar mei it sintsje der by koe eltsenien folop genietsje. De drokte soarge hjir en dêr foar wat problemen. Minsken wurde oproppen om safolle mooglik yn de eigen omjouwing te riden.
Drokte op it iis
17:18

Gemeente Ljouwert ferwachtet hiele wykein winterdrokte: Wyk Blitsaerd moarn opnij ôfsletten foar auto's

De gemeente Ljouwert ferwachtet moarn opnij drokte by de Bonkefeart. De wyk Blitsaerd wurdt dêrom opnij ôfsletten foar autoferkear. Bewenners kinne de wyk dan noch wol yn, meldt in wurdfierder fan de gemeente.
Hjoed wie it ek drok op de Bonkefeart. Der binne fjouwer boetes útdield oan minsken dy't oanwizingen fan hanthaveners net opfolgen, meldt in wurdfierder fan de gemeente.
Parkeare op de paraleldyk oan de Bonkefeart bliuwt mooglik, meldt de gemeente, mar allinne salang't der plak is. As it dêr ek fol stiet, wurdt de dyk ôfsletten.