Mear tritigers, fyftigers en basisskoallebern besmet mei corona

It tal coronabesmettingen dat de ôfrûne wike fêststeld is yn Fryslân leit krekt wat heger as ferline wike: 1.207 tsjinoer 1.181. De stjergefallen as gefolch fan corona dy't de ôfrûne wike meld binne troch it RIVM, lizze wol in stik heger as oait tefoaren: 41.
© De Vries Media
De GGD Fryslân wit net wêrom't de delgong fan it tal besmettingen net trochset. In mooglikheid is dat de GGD geregeld in protte testen útfiert by soarchynstellingen, as dêr in útbraak is. Gefolch dêrfan is dat se mear besmettingen fine.
Yn totaal hat de GGD Fryslân de ôfrûne wike 8.067 testen ôfnaam, sa'n 200 mear as foarige wike. En dat wylst de testlokaasjes fan de GGD snein ticht wienen fanwege it winterwaar.
It tal besmettingen by minsken âlder as santich is leger as in wike earder. Doe wie noch in grutte groei te sjen. In groei is no te sjen ûnder tritigers, fyftigers en bern yn de basisskoalleleeftiid. Neffens de GGD is it noch te betiid om te sizzen dat dat troch it weriepenjen fan de basisskoallen komt. Mear oannimlik is it dat de drompel om bern te testen leger wurden is.
Yn Fryslân waarden de ôfrûne wike gemiddeld 172 besmettingen deis meld. Ferline wike lei dat sifer noch op 169.

Better yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel

Yn de twa gemeenten dy't in tal wiken de útsjitters wienen wat it tal besmettingen oanbelanget, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel, rint it tal besmettingen no werom. Yn Achtkarspelen wienen it dizze wike 83, wylst dat in wike lyn noch 92 wienen. Yn Tytsjerksteradiel giet it tal fêststelde besmettingen fan 121 nei 99.

Flinke groei yn Ljouwert

De measte besmettingen binne de ôfrûne wike meld yn de twa grutste gemeenten fan de provinsje: Ljouwert en Súdwest-Fryslân. Dy lêste is lyk bleaun (219), mar yn Ljouwert is in flinke groei yn it tal besmettingen te sjen: fan 155 nei 239. Dat is foar in part te ferklearjen troch de útbraak by sikehûs MCL.
Fierder binne yn Waadhoeke en Weststellingwerf ek aardige tanamen te sjen: Waadhoeke fan 40 nei 66 en Weststellingwerf fan 54 nei 63.
Mei de 1.181 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 23.308 Friezen it coronafirus fêststeld.
Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.
Noch noait waarden yn ien wike safolle stjergefallen meld as de ôfrûne wike: it wiene der 41, alve mear as ferline wike. It wol net sizze dat al dy stjergefallen ek echt yn de lêste wike wienen. Somtiden wurde dy sifers pas letter trochjûn.

Protte stjergefallen yn ferpleechhûzen

Dat it stjertesifer de lêste wiken sa heech leit, kin derop wize dat it firus noch altyd bot om him hinne grypt yn guon ferpleechhûzen.
It offisjele stjertesifer yn Fryslân yn ferbân mei it coronafirus leit no op 327. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Wyklikse besmettingen en stjergefallen

Wike Besmettingen Stjergefallen
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0