Direkte ferkeap fan boer oan boarger bliuwt achter yn Fryslân

12 feb 2021 - 06:09

Ferlike mei bouboeren yn de rest fan it lân ferkeapje Fryske boeren net in soad produkten streekrjocht oan konsuminten. Dat blykt út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dy't freed ferskine.

Foto: Omrop Fryslân

Yn Noardeast-Fryslân sitte 62 boeren dy't streekrjocht of mei maksimaal ien tuskenskeakel produkten ferkeapje oan konsuminten. Dêrmei is it de gemeente mei de measte boeren dy't oan 'koarte-ketenferkeap' dogge yn ús provinsje. Yn fjouwer gemeenten - Harns, Flylân, Skiermûntseach en Amelân - is hielendal gjin direkte ferkeap.

Sierteelt

Fan alle omset dy't Nederlânske boeren behelje mei de saneamde koarte-ketenferkeap wurdt it meast omset yn de sierteelt. De gemeente Westland yn Súd-Hollân, dêr't in soad glêstúnbou is, stiet dan ek op nûmer 1 wat heechste konsintraasje fan direkte ferkeap oanbelanget.

Buy local

De sifers dy't it CBS freed nei bûten bringt, geane oer de perioade april 2019 oant en mei maart 2020. Oft de 'support your local-hype', dy't ûntstie doe't corona útbruts, soarget foar in groei is yn dizze sifers dus net te sjen.

Trefwurden: 
CBS lânbou ekonomy ferkeap
(Advertinsje)
(Advertinsje)