Aris boekt tsjin Landstede Hammers tredde ferlies op rige

11 feb 2021 - 22:25

De basketballers fan Aris út Ljouwert ha tongersdeitejûn de útwedstriid tsjin Landstede Hammers ferlern. Yn Zwolle waard Aris fia de kwartstannen 23-13, 35-26 en 59-45 úteinlik mei 86-58 ferslein. It is it tredde ferlies op rige foar de Ljouwerters.

Foto: Orange Pictures

Aris moast it tsjin Landstede Hammers dwaan sûnder Craig Osaikhwuwuomwan. De 30-jierrige spiler is yn alle gefallen foar de rest fan de moanne skorst.

Foar Aris stiet der dizze wike noch in wedstriid op it programma. Kommende sneon is yn it Kealledykje yn Ljouwert de derby fan it Noarden tsjin Donar út Grins.

Trefwurden: 
Ljouwert Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)