Greidefûgelplan falt goed, mar jild nedich foar útfiering: "Geld bij de grutto"

De greidefûgel, dêr gie it tongersdei oer yn de Thorbeckeseal yn de Twadde Keamer. De kommisje foar Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit hat twa oeren praat oer de inisjatyfnota 'Weidse blik op de Weidevogels' oer it behear fan de fûgels. Neffens boer Sjoerd Miedema fan Haskerdiken, dy't him bot ynset foar dy greidefûgel en it oerlis digitaal folge hat, moat der gau jild útlutsen wurde foar it greidefûgelbehear.
In skries siket in wiet plak op yn de Warkumerwaard © Remco de Vries
Neffens Miedema wie elkenien posityf oer de nota, mar binne der wol sinten nedich om it út te fieren. "Se sizze dan yn Nederlân 'boter bij de vis', mar ik sis 'geld bij de grutto'. Der moat jild op it kleed komme, dat is wêr't it no om giet." Probleem is wol dat de regearing demisjonêr is. "It kabinet is der net mear, dus se kinne eins ek neat beslute. Se kinne allinnich sizze dat se it wolle. Dat is in bytsje de spagaat."
Foar de greidefûgels soe it goed wêze dat de beheargebieten grutter wurde, seit Miedema. "De kânsrike gebieten moatte ûntwikkele wurde. Dat begjint mei it klearmeitsjen fan it lân foar de greidefûgel en foar it bioferskaat. Dan komt die skries wer, dêr bin ik fan oertsjûge."
Der moat lykwols wol in fergoeding foar de boeren tsjinoer stean, fynt er. In soad boeren wolle har lân wol greidefûgelfreonlik ynrjochtsje, mar ha it jild net om dat te realisearjen en komme ek net altyd yn oanmerking foar subsydzjeregelingen.
Sjoerd Miedema