Hearrenfean hellet Lasse Schöne werom nei Fryslân

11 feb 2021 - 20:30

Sportklup Hearrenfean hellet Lasse Schöne werom nei Fryslân, sa melde ferskate media. De 34-jierrrige middenfjilder, dy't tusken 2002 en 2006 yn de jeugdalvetallen fan Hearrenfean spile, siet sûnder klup.

Foto: ANP

Schöne spile dêrnei by De Graafschap, NEC en Ajax. Yn 2019 gie de Deen nei it Italiaanske Genoa. Syn kontrakt dêr waard earder dit jier opsein. De lêste tiid trainde er mei by Ajax.

De middenfjilder, dy't ek 50 kear útkaam foar it Deenske nasjonale team, sil nei alle gedachten op koarte termyn oanslute by de seleksje fan Johnny Jansen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)