Regearing keart NK maraton op natueriis: "Dit komt oan as in mokerslach"

11 feb 2021 - 20:44

It Nederlânsk kampioenskip maratonriden op natueriis mei net trochgean. De regearing hat de plannen fan de KNSB en House of Sports ôfkard. "Dit komt oan as in mokerslach," seit Willem Hut, kompetysjelieder by it maratonriden. "Wy wiene sa fier mei-inoar... Der binne tongersdei 250 man test, riders en begelieders. Der wiene lokaasjes efterôf op it each sa't it feilich koe. Wy bale hjir echt ôfgryslik fan."

It lêste NK maraton op natueriis yn 2013 - Foto: ANP

"Ik bin der wis fan dat wy dit feilich organisearje kinne," seit Hut. De kompetysjelieder wiist ek op alle minsken dy't tongersdei al op it iis wiene. "Ik haw bylden sjoen fan rekreative riders dy't ticht opinoar sieten. Wy soene it safolle better foarinoar hawwe."

"Bittere pil"

"Dit is een heel bittere pil, een enorm zware teleurstelling", seit ek Remy de Wit, technysk direkteur fan de KNSB. "Er lag een unieke kans om in deze vorstperiode een heroïsche wedstrijd te organiseren. We hebben daar met een grote groep mensen enorm hard aan gewerkt. Wij stonden klaar, het wachten was slechts op groen licht vanuit Den Haag."

It lêste nasjonale kampioenskip op natueriis wie yn jannewaris 2013. Dat wie op de Veluwemar by Elburg. Doe pakte Christijn Groeneveld de titel by de manlju en Mariska Huisman by de froulju.

"De ploech baalt as in stekker"

Ploechlieder Peter de Vries fan Jumbo-Visma begrypt neat fan de situaasje: "No ha we einlik wat oars as corona om nei út te sjen, en dan nimme se dit beslút. Ik tink dat der dit wykein wol mear as in miljoen minsken it iis op sykje. En dan mei in groep fan 200 man, dy't alles sels regelje wolle, op in lokaasje dêr't it publyk weiholden wurdt, net los. De teloarstelling is hiel grut, de hiele ploech baalt as in stekker."

De Vries hat tongersdeitemoarn, krekt as in soad oare minsken dy't de natueriisbubbel yn woene, noch in coronatest dien. "Wy ha de ôfrûne fjouwer dagen om neat yn spanning sitten. Hie dan moandei sein dat it net koe. Alle lof foar de KNSB en NOC*NSF, ik leau dat Maurits Hendriks sels noch mei de minister praat hat, mar de polityk doart it neffens my gewoan net oan. Dat snap ik net. Dat wy net op keunstiis ride mochten wie al in domper, mar dit is foar my in noch dikkere domper."

(Advertinsje)
(Advertinsje)