Kramer meldt him ôf foar ploege-efterfolging nei desepsje op 5.000 meter

11 feb 2021 - 19:05

Sven Kramer hat him ôfmeld foar de ploege-efterfolging fan freed op it WK ôfstannen. De Fryske reedrider naam dat beslút nei syn minne 5.000 meter fan tongersdeitemiddei.

Foto: Orange Pictures

By it ynriden skeat it Kramer yn de rêch, wêrnei't hy yn syn race 'ferkrampte'. Nei likernôch fjouwer rondes liet de achtfâldich kampioen op de 5 kilometer it rinne. Hy kaam úteinlik nei 6.35,52 as ien-nei-lêste oer de streek.

Neffens Kramer kin hy it tsjinoer syn teamgenoaten net meitsje om freed fan start te gean op de ploege-efterfolging. De Fries soe it teamûnderdiel ride mei Patrick Roest en Marcel Bosker. Chris Huizinga of Beau Snellink nimt no syn plak yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)