Bergsma fiifde op 5.000 meter, lijenswei foar Kramer

Sven Kramer en Jorrit Bergsma hawwe tongersdeitemiddei neist de medaljes grepen op de 5.000 meter op it WK ôfstannen. Bergsma waard fiifde yn in tiid fan 6.16,92. Kramer liet syn race yn it slot rinne fanwegen problemen mei syn rêch en waard úteinlik njoggentjinde yn 6.35,52. It goud wie ferrassend foar de Sweed Nils van der Poel (6.08,39).
Bergsma ried yn de earste rit nei de dweil. Hy sette dêryn mei 6.16,92 de rapste tiid fan dat stuit del. Dêrmei wie de Fries sjoen dat hy al tweintich kear flugger wie yn Thialf, net tefreden.
De tiid fan Bergsma gie der yn de folgjende rit dan ek al oan. De Rus Danila Semerikov gie der mei 6.16,02 krekt ûnder. Topfavoryt Patrick Roest wie dêr net fan skrokken. Hy kaam in rit letter ta 6.10,05.

Van der Poel ferrast

Ek dy tiid wie net genôch foar it goud, want de Sweed Nils van der Poel gie der mei in pear hiele sterke slotrondes ferrassend ûnder: 6.08,39. Sven Kramer moast dêrtroch yn de lêste rit tsjin Sergej Trofimov in 'Thialf-PR' ride om it goud te pakken.
De rekôrkampioen seach lykwols oan it begjin fan de rit al dat hy de tiid fan Van der Poel net de baas wurde koe. Oan de ein fan de rit liet de Fries syn race sels rinne, ûnder mear fanwegen problemen mei syn rêch. Kramer kaam úteinlik hast yn slow motion oer de streek yn 6.35,52. Dêrmei waard hy ien-nei-lêste. Kramer soe freed yn aksje komme by de ploege-efterfolging, mar hat besletten dy ôfstân sjitte te litten.
© Orange Pictures

Utslach 5.000 meter

1. Nils van der Poel (SWE) 6.08,39
2. Patrick Roest (NED) 6.10,05
3. Sergej Trofimov (RUS) 6.13,02
4. Danila Semerikov (RUS) 6.16,02
5. Jorrit Bergsma (NED) 6.16,92
19. Sven Kramer (NED) 6.35,52