Antoinette de Jong wrâldkampioen op 3.000 meter: "Bizar, hiel moai"

11 feb 2021 - 17:39

"Bizar. Hiel moai." By reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum begjint stadichoan it besef te kommen dat se tongersdei op it WK ôfstannen op It Hearrenfean wrâldkampioen wurden is op de 3.000 meter.

Antoinette de Jong foar it earst wrâldkampioen op 3.000 meter

Se fûn it in moai momint doe't se nei de wedstriid har âlden en freon belle. "Doe't myn suske Michelle der oankaam, wie dat hiel moai. Datst ien fan wa'tst hâldst, dan in knuffel jaan kinst. Sy wie hiel grutsk. Se libje allegearre mei en dogge der in soad foar. Michelle en ik besykje inoar better te meitsjen, inoar te stypjen en te helpen wêr't dat mar nedich is. Fijn dat wy dat mei ús allen dochs wol in bytsje fiere kinne. "

Ik haw der alles oan dien om goed te wêzen.

Antoinette de Jong
Foto: ANP

De Jong hat alles jûn yn de wedstriid. "Ik haw der alles oan dien om goed te wêzen. As dat net genôch is, wat kin ik dan noch better dwaan? Ik bin der mei 'alles of neat' yn gien. Ik tocht: Ik sjoch wol wêr't it skip strânet. Ik kin my neat ferwite dat ik it net better dien haw."

Mar dan hinget it der wol fanôf hoe't de konkurrinsje it docht. Flak nei har race hie De Jong der net folle fertrouwen yn. "Ik tocht: Dit wurdt him net." Mar yn de lêste rit krige se wer hoop. "Ik tocht: Gebeurt dit no echt? Se moatte no wol hiel goed ride om goed oan te kommen." Dat barde net en by einsluten wie Antoinette de Jong dochs de bêste: "Bizar, hiel moai."

(Advertinsje)
(Advertinsje)