Himpkwekerij oantroffen oan Pieter Stuyvestantwei yn Ljouwert

11 feb 2021 - 16:56

Oan de Pieter Stuyvestantwei yn Ljouwert hat de plysje in himpkwekerij oantroffen. Op it adres stiene twa tinten dêr't krekt himpplanten rispe wiene. Der stiene noch 36 lytse planten klear. De plysje die de ynfal nei in tip fia Meld Misdaad Anoniem.

Foto: Politie Leeuwarden

Der is in 36-jierrige fertochte oanholden dy't troch de plysje heard wurde sil. De planten en apparatuer binne yn beslach nommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)