Telefyzjekok Reitse Spanninga wurket mei oan itensiedersboek Voedselbank

11 feb 2021 - 16:21

De telefyzjekoks Reitse Spanninga, Pierre Wind en tolve studinten meitsje in itensiedersboek foar klanten fan de Voedselbank. Der stean resepten yn dy't basearre binne op yngrediïnten dy't in soad foarkomme yn pakketten fan de Voedselbank.

Reitse Spanninga - Foto: Omrop Fryslân

It inisjatyf komt fan Jaap Jonkers, kandidaat-Twadde Keamerlid foar it CDA, fertelt Reitse Spanninga. It sil wol wat mei de kommende ferkiezingen te krijen hawwe, neffens Reitse. Jonkers wennet, krekt as Spanninga, op 'e Jouwer.

It is noch net iens sa maklik om resepten te betinken foar dit itensiedersboek. "Moatst goed kalkulearje om it foar de doelgoep behapber te hâlden. Moatst kreatyf wêze mei minder. It mei net te djoer wêze."

Sa wurdt slaad faak by protten oanlevere by de itensbanken. It meast farske is der dan oer it generaal wol ôf. Mar de binnenste blêden binne dan noch wol te brûken. Dêr hat Spanninga in resept foar slaadsop fan makke. Foar 4 persoanen. Kosten: 4 euro. As minsken noch wat Fryske woarst yn de kuolkast hawwe, kinne dêr ek wat snipeltsjes fan yn it sop dwaan.

Spanninga besiket it mei de resepten ticht by hûs te hâlden, dus iten mei in grutte Fryske ynbring, lykas bygelyks brea of pompoenen.

Foto: Omrop Fryslân

Spanninga hat syn bydrage oan it boek al ynlevere. It is noch ôfwachtsjen wêr't Pierre Wind en de studinten mei komme. Dêrnei wurdt der ien gehiel fan makke.

It boek sil wol yn in grutte oplaach yn print ferskine, ferwachtet Spanninga. "Kinst it wol online sette, mar net elkenien hat in kompjûter. In boek kinst ek makliker as presintsje oan ien jaan. " Hy tinkt dat it boek mei trije of fjouwer wiken wol klear is.

Reitse Spanninga

(Advertinsje)
(Advertinsje)