Antoinette de Jong foar it earst wrâldkampioen op 3.000 meter

11 feb 2021 - 15:45

Antoinette de Jong is tongersdeitemiddei op it WK ôfstannen wrâldkampioen wurden op de 3.000 meter. De Rottumse kaam yn Thialf op It Hearrenfean ta in tiid fan 3.58,47. It sulver gie nei Martina Sáblíková yn 3.58,57. Irene Schouten pakte it brûns mei in tiid fan 3.59,75.

Antoinette de Jong foar it earst wrâldkampioen op 3.000 meter

Isabelle Weidemann út Kanada sette yn de sechde fan tsien ritten de earste serieuze tiid del: 4.00,96. Dat wie dan ek de tiid dy't boppe-oan stie doe't De Jong yn rit acht yn de baan kaam tsjin Joy Beune.

De Jong pakte yn it begjin fan har rit mear as fjouwer sekonden op it skema fan Weidemann. Har slotrondes wiene lykwols in stik stadiger, mar se hold genôch oer om rom oan de lieding te gean. Se kaam ta 3.58,47.

Sáblíková komt tichteby

Yn de ien-nei-lêste rit kaam de seisfâldich wrâldkampioene op dizze ôfstân, Martina Sáblíková hiel tichteby de tiid fan De Jong. De Tsjechyske koe yn de slotronde har efterstân fan it begjin fan de rit lykwols krekt net mear goedmeitsje: 3.58,57.

Dêrmei wie De Jong mei noch ien rit te gean dus al wis fan in medalje. Allinnich Irene Schouten en Natalja Voronina koene har noch fan it goud ôfhâlde. Dat slagge lykwols net, want beide froulju kamen net yn de buert fan de tiid fan De Jong. Schouten kaam nei 3.59,75 as tredde oer de streek. Voronina foel mei 4.02,85 bûten it poadium.

Foto: Orange Pictures

Utslach 3.000 meter

1. Antoinette de Jong (NED) 3.58,47
2. Martina Sáblíková (TSJ) 3.58,57
3. Irene Schouten (NED) 3.59,75
4. Ragne Wiklund (NOA) 4.00,49
5. Isabelle Weidemann (KAN) 4.00,96
(Advertinsje)
(Advertinsje)