RIVM meldt 222 nije coronabesmettingen, 98 mear as in dei earder

It RIVM meldt tongersdei 222 coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 98 mear as woansdei, doe wiene it 124. De sifers jouwe de hiele wike al wat in fertekene byld. Dat hat te krijen mei dat der fanwege it waar snein net en moandei folle minder teste is en dat der no dus in ynhelslach makke wurdt.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Fan de besmettingen dy't meld binne, komme de measte út de gemeenten Ljouwert (53) en Súdwest-Fryslân (42).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 8 stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen (3), De Fryske Marren (1), Ljouwert (1), Hearrenfean (1) en Súdwest-Fryslân (1).
Der binne 3 minsken yn it sikehûs opnaam, it giet om minsken út Achtkarspelen (1), De Fryske Marren (1) en Ljouwert (1).

Lanlik

Lanlik meldt it RIVM 4472 nije besmettingen.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.