HEA! Redens slypje by Watze

11 feb 2021 - 15:22

Foar Watze Post fan Blauhûs is redens slypje net samar in aardige hobby. Al mear as tsien jier lyn is by him de sykte MS konstatearre. Dêrtroch kin er in soad dingen net mear, lykas lang stean. Mar Post wol him foaral net beheine litte troch syn sykte. It slypjen kin er sittend dwaan en sa hâldt er ek in soad sosjale kontakten. Altyd dwaande bliuwe is syn devys.

HEA! Redens slypje

Trefwurden: 
Blauhûs Hea! redens slypje
(Advertinsje)
(Advertinsje)