Minister skoot beslút oer ferkeapferbod wetterkrassula troch nei Europa

11 feb 2021 - 14:43

Minister Schouten fan Natuer wol twa moasjes net útfiere dêr't yn frege wurdt de ferkeap fan it woekerplantsje wetterkrassula te ferbieden. Se skoot de saak troch nei de Europeeske Kommisje foar beoardieling. It platfoarm Stop invasieve exoten is dêr net bliid mei. It plantsje soarget foar in soad problemen op Skylge. De provinsje Fryslân hat in miljoen euro ekstra útlutsen foar de bestriding.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

De wetterkrassula wurdt brûkt yn akwaria. Hy groeit hiel hurd en smoart ynheemske planten. As minsken de plant weismite, kin dat foar in soad problemen soargje. Schouten wol dat de kwestje foarlein wurdt oan de Europeeske Kommisje.

'Stop invasieve exoten' tinkt dat it sa net goed komt: "Op deze wijze wordt het verkoopverbod op de lange baan geschoven, en is het bovendien onzeker of het er ooit komt. Dat de minister stelt dat ze hiermee uitvoering geeft aan de moties, is een gotspe."

De Twadde Keamerleden Arne Weverling en Aukje de Vries (beiden fan de VVD) en William Moorlag (PvdA) stelden yn maart ferline jier ek al fragen oan de minister oer de wetterkrassula.

Trefwurden: 
Skylge wetterkrassula
(Advertinsje)
(Advertinsje)