Ald-ponghâlder útfeartferiening moat wurkstraf dwaan nei twa ton fraude

De âld-ponghâlder fan begraffenisferiening De Samenwerking út Boarnburgum moat in wurkstraf fan 240 oeren dwaan. Hy krijt boppedat in healjier selstraf ûnder betingst. Hy hie yn fiif jier in lytse twa ton achteroer drukt.
© Shutterstock.com (Bacho)
De man fan 53 út Snits helle it jild út de kas fan de útfeartferiening. De man moat alles werom betelje, bepaalde de rjochtbank. It giet om 176.847 euro.
Mei it jild hat er guod kocht op ynternet, betelle er syn hypoteek en kocht er in bedriuwsauto. Hy wie selsstannich kameraman en fotograaf, mar dat fertsjinne net genôch.
De rjochtbank woe de man net feroardielje ta in selstraf, want dan soe it him net slagje om syn skuld ôf te beteljen.