Minnertsgea wol gjin keamers foar tydlike wurkkrêften yn kafee De Hoeke

11 feb 2021 - 13:12

De gemeente Waadhoeke belibbet opnij in tebeksetter yn it ûnderdakbringen fan arbeidsmigranten. Plannen foar húsfesting foar bûtenlânske wurknimmers yn kafee De Hoeke yn Minnertsgea binne fan de baan. De útbaters fan it kafee woene dêr sechtsjin minsken ûnderbringe yn acht nije keamers. Mar it doarp wol it net en dêrom hawwe de útbaters de stekker derút lutsen. Earder rûnen soartgelikense plannen yn Bitgummole ek al op 'e non.

Foto: Google Street View

De útbaters Huub en Janny van den Akker fan De Hoeke hiene de plannen foar de keamerbewenning yn it kafee okkerdeis mei struibrieven oan it doarp presintearre. It pear wol graach tydlike wurkkrêften yn it kafee ûnderbringe, omdat sy oars gjin mooglikheden sjogge om sûnder ekstra ynkomsten it kafee en de snackbar foar it doarp te behâlden.

Hongarije en Roemenië

Koördinator 'húsfesting en yntegraasje arbeidsmigranten' Harrie Siegersma fan de gemeente Waadhoeke fertelt dat in útstjoerburo de keamers yn Minnertsgea hiere soe om de tydlike wurkkrêften ûnder te bringen. Dy komme foar it grutste part út Hongarije en Roemenië en bliuwe fjouwer oant acht moannen.

Ofwiisd

It plan soarge foar in soad opskuor yn it doarp Minnertsgea. Omwenners binne benaud foar oerlêst en weardefermindering fan harren huzen. De plannen binne troch it doarp ôfwiisd. Yn grutte halen komme de beswieren oerien mei dy yn Bitgummole dêr't de húsfesting fan tydlik personiel yn it gebou Grut Terhorne ek net trochgie.

Dêr binne hjir sawat 2000 arbeidsmigranten. Dy moatte ek sliepe en ite.

Harrie Siegersma, gemeente Waadhoeke

Neffens Siegersma binne de doarpsbewenners bang foar it ûnbekende. De gemeente hat fêstlein hoe't se it hawwe wol mei de arbeidsmigranten. "Dêr binne hjir sawat 2000 arbeidsmigranten. Dy moatte ek sliepe en ite", seit Siegersma. Der binne him gjin slimme gefallen bekend fan minne húsfesting dêr't in soad minsken byinoar yn ien keamer propt binne.

Gemeente wol wol

De gemeente jout fergunningen ôf foar it ûnderbringen fan arbeidsmigranten yn gewoane wenhuzen en op plakken lykas bygelyks in doarpskafee. De húsfesting moat oan fêstleine easken foldwaan en it parkearen moat ek gjin probleem wêze. Boppedat moat der dei en nacht behear wêze, seit Siegersma. Mar dan noch moat it doarp it wol wolle.

Harrie Siegersma, gemeente Waadhoeke

(Advertinsje)
(Advertinsje)