Friezen massaal op de redens, mar natueriis noch hieltyd te tin en te min

It wie goed kâld yn Fryslân fannacht, mar foar in hiel soad ekstra iis hat dat net soarge. Dat seit Sytse Kroes, iismaster fan De Friesche IJsbond. "We ha der fannacht in sintimeter by krigen. It giet net sa hurd as we wolle soenen."
IIsmaster Sytse Kroes oer de iiskwaliteit
"Moarns fielt it kâld, mar jûns net sa. Dus it falt wat ôf", seit Kroes. It betsjut ek dat je noch net op in soad plakken fertroud ride kinne. Op de iisbanen dy't iepen binne wol, fierder net.
Oeral yn Fryslân is it byld itselde. It iis dat der leit, is faak net goed. "En dan binne der plakken dy't noch minder binne", seit Kroes. "Yn Harns leit bygelyks hast neat, hear ik fan Piet Paulusma."

Net oan te rieden

Ek al is it net fertroud, op in protte plakken binne riders te finen. Op parten fan de Alvestêderûte, op de Iselmar, op de Tsjûkemar. Kroes: "Dat binne we wol wend. De earsten binne der hiel gau by. Mar as it iis ien persoan drage kin, dan noch net direkt tsien. Ut myn ferantwurdlikheid kin ik it absolút net oanriede om no te riden op sokke plakken."
© Kappers Media
Kroes doart ek net te foarsizzen dat it freed folle better is. "Dit hie in moaie basis west, as it noch in pear wiken froast hienen. Dan wie dit de start fan in prachtige perioade. Mar moandei wurdt it alwer waarmer, dus it is wat te koart."

De smoar yn

Dat jout Kroes in dûbeld gefoel. "Oan de iene kant is it moai dat elkenien warber is, we ha wer de befêstiging dat we it net foar neat dogge. Mar ik ha ek de smoar yn. We binne no sa tichtby."