Earste riders oankaam by kafee Moarkswâl yn Aldtsjerk: nammen ferivige

It is in tradysje dy't al desennia trochgiet: de earste riders dy't yn de winter oankomme by kafee Moarkswâl yn Aldtsjerk, krije de nammen yn in balke oan it plafond. Tongersdeitemoarn ier en betiid wie it safier: Ype Jacob de Vries, Thomas de Vries en Tseard Krol kamen oer iis by it kafee oan.
Earste riders oankaam yn Aldtsjerk
Henk Breeuwsma, eigener fan it kafee, waard wekker belle. "Ik lei noch op bêd, doe gong de telefoan. Se seine: 'we binne by it kafee, op redens!' Dus ik ha wat kofje set, nei it kafee ta en de nammen op de balke set." De tradysje bestiet al sûnt 1949.

Noch net yn kloften op it iis

It iis is noch net hielendal fertroud, fertelden de trije riders oan Breeuwsma. "Der binne hjir en dêr wat minne plakken. Twa brêgen dêr't se net ûndertroch koenen en wat wekken. Dus kinst hjir wol komme op redens, mar noch net mei grutte kloften. It moat de kommende nachten noch even goed frieze. Ik hoopje dat we dan fan it wykein folop ride kinne."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
En dan is it kafee in moai plak dêr't de riders gewoanwei even oan kinne. Dat is no oars, want fanwegen corona is it kafee ticht. "We ha mei de gemeente ôfpraat dat we wol wat 'koek en zopie' dwaan meie, mar fierder binne we ticht. Hoe spitich ek, it is net oars."
De nammen yn kafee Moarkswâl © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Henk Breeuwsma fan de kroech yn Aldtsjerk