VV Hearrenfean hâldt op mei prestaasjefuotbal op sneins

11 feb 2021 - 09:57

Fuotbalferiening Hearrenfean hâldt op mei prestaasjefuotbal op sneins. De klup makket as nijste yn in lange rige de oerstap nei it sneonsfuotbal. Dat dogge se omdat de jeugd leaver net op sneins spilet.

Foto: Omrop Fryslân

VV Hearrenfean is in pear jier lyn al begûn mei in ploech op de sneons. Yntusken binne der trije manljusteams dy't op de sneons spylje. It heechste spilet yn de fiifde klasse. Dy ploech krijt no de opdracht om omheech te klimmen. It flaggeskip fan de klup wie altyd it sneinsteam. Dit seizoen spilet dat team yn de Earste klasse, ôfrûne jierren ek guon seizoenen yn de Haadklasse.

Hieltyd dreger

Mar it wurdt hieltyd dreger om in fatsoenlik team op te stellen op de sneintemiddei, fernimt de klup. "De selectie bestaat vaak maar uit 15 à 16 man. En omdat er geen tweede selectie meer is, betekent het dat er elk weekend en beroep moet worden gedaan uit spelers uit de Onder 19", seit foarsitter Bernier Hoekstra.

VV Hearrenfean wol oer fiif oant sân jier mei it sneonsteam yn de Earste klasse spylje. "VV Heerenveen heeft in het verleden meerdere keren de veerkracht getoond om vanuit de vijfde klasse omhoog te klimmen, zelfs tot in de hoofdklasse. De veel geroemde jeugdopleiding stat garant voor doorstroming van talenten", seit Hoekstra.

Komt hurd oan

De foarsitter snapt dat it beslút om oer te stappen nei de sneon hurd oankomt by guon leden. Hoekstra hat sels ek altyd in man fan it sneinsfuotbal west. "Maar we kunnen onze ogen niet sluiten voor de maatschappelijke ontwikkelingen en de trend dat de jeugd op zaterdag wil spelen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)