Diskusje oer regiokompetysjes: "Gebrek oan daadkracht by KNVB"

11 feb 2021 - 09:56

In soad Fryske amateurklups binne dwaande mei plannen om wer yn kompetysjeferbân te fuotbaljen as de coronamaatregels rommer wurde. Ofrûne wiken kamen der twa inisjativen nei bûten foar in eigen saneamde 'minykompetysje'. Dêrtroch lykje oare klups lykwols bûten de boat te fallen. Sy ferwite it fuotbalbûn KNVB in tekoart oan slachfeardigens om't der noch gjin dúdlike alternativen komme.

Diskusje oer regiokompetysjes

Seis Fryske amateurklups sille it yn de maaitiid tsjininoar opnimme yn in eigen minykompetysje. It giet om haadklasser Bûtenpost en earsteklassers Blau Wyt '34, Broekster Boys, FC Burgum, Drachtster Boys en Ljouwerter Sweltsjes.

Ek Harkemase Boys, ONS Snits en Snits Wyt Swart binne mei oare klups in eigen kompetysje begûn. Grutste betingst is dat de coronamaatregels it wer talitte om wedstriden te spyljen. Foar in folweardich offisjeel programma soe it dan lykwols te let yn it seizoen wêze.

It fjild van VV Zeerobben yn Harns - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

'Daadkracht' ûntbrekt

En dat stekt in klup as VV Zeerobben út Harns. Sy ferwite de KNVB in tekoart oan 'daadkracht'. It fuotbalbûn wol nei eigen sizzen op de proppen komme mei in saneamde regiocup, mar de eangst fan in klup as Zeerobben is dat oare klups dêr net oan meidwaan wolle. "Ik haw sels begrepen dat in sponsor der prizejild tsjinoan smyt yn in eigen minykompetysje," seit foarsitter Johannes Woudstra. "Dan wolle de seis klups yn sa'n minykompetysje ek net mear meidwaan oan in Regio Cup fan de KNVB. Dat soe ik ek net dwaan, it is in prachtige kompetysje."

Wannear wurdt der hjir wer fuotballe? - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

It fuotbalbûn KNVB kin him net werkenne yn de krityk. "Wy komme mei dúdlikheid troch de regiocup," leit direkteur amateurfuotbal Jan Dirk van der Zee út.

In oare klup dy't net meidocht oan de minykompetysje is VV Balk. De earsteklasser folget de KNVB. "It is de keuze fan dy seis ploegen om sa'n kompetysje te begjinnen, wy wachtsje op belied fan de KNVB. Sy kinne ek neat oars as ôfwachtsje hoe't it komt," seit foarsitter Henk Menenga.

Neffens it fuotbalbûn KNVB wurdt de kâns dat de earste seizoenshelte op 10 of 11 april wer úteinset hieltyd lytser. "Wy begripe dan ek de lokale inisjativen fan de klups," sa seit Jan Dirk van der Zee. "Wy kinne de klups net ferplichtsje mei ús Regio Cup mei te dwaan." Van der Zee fynt it net logysk dat de neidruk sa op de standertteams komt te lizzen. "De Regio Cup is benammen foar de jeugd en senioaren dy't net yn de standertalvetallen spylje."

VV Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
(Advertinsje)
(Advertinsje)