FIDEO: Maratonriders riede har ta op natueriis

11 feb 2021 - 09:06

No't it in skoftke friest yn Nederlân, meitsje maratonriders har klear foar in eventueel Nederlânsk kampioenskip op natueriis. Dat dogge se ûnder oare op it Nannewiid by Aldehaske. Ien fan harren is Bob de Vries, dy't koart nei syn ôfskied as maratonrider dochs mar wer de redens ûnderbynt.

De NOS wie op it Nannewiid:

(Advertinsje)
(Advertinsje)