Warkumer merk tenei middeis, as oplossing tsjin fuortbliuwen mearkkeaplju

11 feb 2021 - 08:48

In fiskkream en in blommehannel: dêr moasten se it op de merk yn Warkum mei dwaan. In soad merkkeaplju komme net, om't se moarns op in oare merk stean. Der hat de gemeente Súdwest-Fryslân wat oan dien. Fan no ôf is de merk yn Warkum net langer moarns, mar middeis.

It sintrum fan Warkum - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It klinkt simpel. "Mar je moatte wol keaplju ha dy't op de middei wolle", seit merkmaster Rob Soolsma. "No ha we wat keaplju dy't moarns yn Boalsert steane, dy't middeis nei Warkum komme wolle."

Sûnder grienteman net in soad wurdich

In jier lyn gong it noch better mei de Warkumer merk. "Doe hiene we noch in grienteman. Mar troch corona koe er gjin personiel mear krije en no is er fuort. Hy hie mear merken, dus hy moast kieze. En sa'n grienteman lûkt de minsken nei de merk. As dy der net is, dan binne je in hiel soad kwyt."

No komt de grienteman fan Boalsert dus middeis nei Warkum. "Dat is in moaie oplossing. De tsiisboer giet no ek mei. Want allinnich in fiskkream en in blommehannel, dêr is foar de minsken ek neat oan, no?"

Falske start

De nije opset hat wol in falske start. "We sitte mei wat ôfsizzingen, want it is te kâld", seit Soolsma. "De blomkeman kin de blommen net goed hâlde en de grienteman hat my ek krekt witte litten dat it him te kâld is. Gjin goede start, mar fierderop yn it jier wurdt it waar better. Dan moat der ek noch in bakker by, in nútsjeboer en de non-food dan ek wer."

Trefwurden: 
Boalsert Warkum merk
(Advertinsje)
(Advertinsje)