Kollum: "IQ"

"Twa jier lyn wie ik op paad foar in ynterview mei Jelte Wicherts, psycholooch en heechlearaar sosjale en gedrachswittenskippen oan de Universiteit van Tilburg. Wicherts wit alles fan IQ-testen en ras. It wie foar in podcast mei yn 'e ynlieding: 'As it op ras oankomt, binne der in soad mieningen. Mar dan is dêr de wittenskip. En ja, dit is in gebiet dêr't de wittenskip in rotsoaitsje fan makke hat.' It is werom te hearen yn de podcast Science VS, de ôflevering út april 2019 mei de titel 'Race: Can We See It In Our DNA?'
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Ik moast hjir oan werom tinke doe't tiisdei screenshots fan app-berjochten fan Thierry Baudet nei bûten kamen, fia wykblêd Elsevier. Baudet seit hjir ûnder oare yn dat wite minsken in gemiddeld IQ ha fan 110 en Afrikaans-Amerikanen 75. Heechlearaar Wicherts seit yn de podcast dat it kloppet dat der in ferskil is; hy seit dat út data bliken docht dat it ferskil tusken de skoares fan wite en swarte Amerikanen minstens tsien punten is, yn it foardiel fan wite minsken. Al wat oars as de 35 punten fan Baudet. Mar dat is noch net it hiele ferhaal.
Op de fraach oft je sizze kinne dit betsjut dat wite Amerikanen ynherinte tûker binne as swarte Amerikanen, antwurdet Wicherts dat je dat net sizze kinne. It punt dat Wicherts yrritearret is dat minsken mar allinnich dat út syn ûndersyk helje wat harren útkomt. Hy fertelt dat it foar in IQ-skoare bygelyks nochal wat út makket yn wat foar miljeu oftsto opgroeist, en dat hat neat mei ras te meitsjen. As de skoares dêrmei wittenskiplik korrizjearre wurde, dan wurdt it gat tusken swarte en wite minsken lytser.
En dan is der ek in ferskil tusken yntelliginsje en dat wat metten wurdt, IQ. IQ-tests mjitte net suvere yntelliginsje. Wat de podcastôflevering net helle hat, is Wichert syn argumint oer de foaroardielen dy't ynbakt sitte yn IQ-testen. Dy testen binne ûntwikkele troch wite minsken yn 'e Westerske wrâld. Se binne yn opset yn dy omjouwing logysk, mar yn oare kultueren net.
Om in fergelyk te meitsjen mei muzyk: yn de Westerske muzykkultuer wurdt it grutste diel fan muzyk yn fjouweren teld. Mar dat is net in universeel of natuerlik gegeven. Gean in pear tûzen kilometer nei it easten en der wurdt yn sân of njoggen teld, dêr't mei like folle oerjefte op dûnse wurdt as hjir op fjouwerkwarts. It punt is: ast wat mjitst, is de liniaal like wichtich as de mjitwearde. Nijsgjirrich dochs? Soks wolle je dochs witte, as je je dwaande hâlde mei IQ-skoares?
Thierry Baudet reagearre wat apart op it nijs fan de appberjochten. Grutte wurden oer totalitêre rezjyms, en oer dat sokke appkes privee binne, wat it yn in groep per definysje net sa is, en wat it yn in groep fan in politike partij al hielendal net sa is. Tolve boeken ha ik skreaun, ûnderstreket hy, en ja, hoe kinne we twivelje oan de yntegriteit fan ien dy't tolve boeken skreaun hat. Hy giet der net iens mear op yn, seit hy yn in filmke fan hast trije minuten dat publisearre is op alle sosjale media-accounts fan de partij en himsels.
Miskien is der yn privee-kontekst ea in grapke of in opmerking makke, seit er, "wie zonder zonde is werpe de eerste steen". Ja, hoi, do bist politikus. Hy ûntkent neat en feroardielet it ek net. Oaren ha it dien. It wurdt pynlik dúdlik dat hy net sa tûk is.
Grutte wurden oer IQ's, mar net witte hoe't de mjitlatte derútsjocht. En yn groepsapps fan dyn politike partij berjochten stjoere as 'Wil jij dat je zus met een *n-wurd* thuiskomt?', en oer dat homo's net miene moatte dat se trouwe meie, mar tefreden wêze moatte mei harren 'spesjale rol' as leararen en keunstners, om harren 'natuerlike ûnfruchtberens'. En der wurdt mei 'homo' skolden yn de appgroep. Dêr falt wol wat mear oer te sizzen as 'wie zonder zonde is'. Dit docht minsken sear, dit is net ûnskuldich.
Ik bin wol benijd oft de oerbleaune Fryske Steateleden fan Forum hjir efter stean, en dit allegearre okee fine. Albert van Dijk, Grite Wymenga-Kooistra, Durk Dijkstra, Erwin Jousma en Johann Stellema stapten oer de stjonkende berjochten oer antysemitisme fan de jongerein-ôfdieling en de suterige ôfhanneling hjirfan troch de partij fan in pear moanne lyn hinne. Soene se no wol in rêch ha, en harren funksje serieus nimme en Maarten Goudswaard efternei gean?
It is te bespotlik foar wurden. Baudet is yn panyk, as in bern dat betrape is. Op dizze wize troch it iis sakje, kinne allinnich yntellektuele lichtgewichten."