Doarp Baard keapet doarpsfjild fan tsjerke: winters ride, simmers keatse

11 feb 2021 - 08:00

It doarpsfjild fan Baard wurdt eigendom fan de doarspbewenners sels. De tsjerke, dy't no noch eigener is fan it fjild, ferkeapet it stik grûn en wol dat it yn behear bliuwt fan it doarp. Want it gersfjild, ek wol 'it Kamp', dat yn de winter as iisbaan fungearret en simmers as keatsfjild, hat in wichtich sintraal plak yn it doarp.

Baard keapet doarpsfjild fan tsjerke

It stik grûn hat altyd fan de tsjerke yn it doarp west, mar dy wol der no fan ôf. "It fjild kostet ús allinnich mar jild en dat kin no net mear út", fertelt tsjerkerintmaster Yge Valk. "It hat nea de bedoeling west dat de ynwenners foar de kosten opdraaie moatte en dat is ek nea bard, dus we wolle it no graach ferkeapje."

De tsjerke fynt it tige wichtich dat it fjild yn it behear bliuwt fan it doarp. "Wy wolle der wis fan wêze dat it altyd beskikber is foar it doarp en net oars brûkt wurde sil as iisbaan en keatsfjild. It mei nea yn hannen komt fan de gemeente sadat der huzen op komme of neam mar op." It wurdt foar alle aktiviteiten yn it doarp brûkt. "Ek wurdt it terrein brûkt foar de gymnastyklessen fan de basisskoalle dy't oan it fjild leit."

Foarbyld foar oare doarpen

Valk fynt it in bysûndere oerdracht en hoopt dat oare doarpen dit ek dogge. "Ik sjoch it noch net yn oare doarpen gebeuren, mar ik tink wol dat it winsklik is. Dat de doarpen dit soart stikjes grûn yn eigendom krije sadat se it sels ek beheare kinne."

Om it fjild yn it doarp te hâlden is der in spesjale stiching oprjochte: Stichting Welzijn Baard. Dy stichting hat it fjild foar in symboalyske priis fan de tsjerke kocht foar in bedrach fan fiif euro de fjouwerkante meter.

De iisbaan fan Baard - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Yge Valk en Marijn Meijberg oer de ferkeap fan it doarpsfjild

(Advertinsje)
(Advertinsje)