Kramer 'gokt mear as oars' yn oanrin WK, De Jong hat grutte konkurrinsje op 3.000 meter

Op de earste dei fan it wrâldkampioenskip ôfstannen binne der fuort grutte medaljekânsen foar de Fryske reedriders. Yn Thialf is Antoinette de Jong tongersdeitemiddei ien fan de grutte favoriten op de 3.000 meter en ek Sven Kramer en Jorrit Bergsma hawwe goede kânsen op in medalje op de 5.000 meter.
© Omrop Fryslân

Programma fan de Fryske reedriders:

Op de radio is de earste dei fan it WK ôfstannen live te folgjen by Omrop Fryslân. Ut Thialf wei docht Andor Faber it kommentaar mei in analist. Dat is dizze tongersdei reedrider Jesper Hospes, dy't yn op it lêste WK ôfstannen yn Thialf yn 2015 tsiende waard op de 500 meter.

3.000 meter

Op de ien-nei-langste ôfstân by de froulju is dit seizoen neat wis, útsein dat der elke kear hurd riden wurdt. Op it WKKT wie it Antoinette de Jong dy't in baanrekôr delsette, mar op de wrâldbekers waard dat alwer ferbettere troch Irene Schouten en letter troch de Russyske Natalia Voronina.
In soad ferskillende winners dus en neffens De Jong wurdt it ek dit kear wer in hiele oare wedstriid. "Elkenien hat no mear iisoeren meitsje kinnen", seit De Jong. "Ik tink dat elkenien no wol hiel goed is en hjir nei ta wurke hat. Ik tink dat it in hiel spannend WK wurdt."
Oer har grutste konkurrinte is De Jong dúdlik. "Dat is Voronina fansels", seit de Rottumse. "Mar ek Schouten is hartstikke goed. It wurdt in lestige trije kilometer. Mar dat is allinnich mar goed, want hoe grutter de konkurrinsje hoe moaier it natuerlik is."
Antoinette de Jong oer de 3.000 meter

5.000 meter

By de manlju binne tongersdei twa Fryske kânshawwers foar it earemetaal: Sven Kramer en Jorrit Bergsma. De grutste favoryt foar it goud is lykwols in oare Nederlanner. "Patrick Roest stekt der boppe-út", sa seit Bergsma, dy't fanwegen it winterwaar de lêste dagen ynienen ek oare dingen oan syn holle hat.
"It is natuerlik in gekkehûs de ôfrûne dagen. Ik moat bewust ek even ôfstân nimme en my fokusje op de langebaanwedstriden", seit de fjouwerfâldich sulveren medaljewinner op dizze ôfstân. Bergsma is net dwaande oan syn bêste seizoen wat de fiif kilometer oanbelanget. Twa wiken lyn ried hy mei 6.12,19 syn bêste tiid fan it seizoen, mar dêrmei waard hy mar sechde. "Mar de top seis sit binne inkelde sekonden, dus dêr is fan alles mooglik", wit Bergsma.
Hoe't it mei Kramer mei de foarm sit, wit hy net sa goed. "Ik fyn it oprjocht dreech te sizzen no. Ik ha no twa world cups hân wêryn't ik twa kear 6.11 ried. Dat is seker net min ast sjochst nei myn eardere tiden yn Thialf, mar ast nei de ranking sjochst ek net supergoed. It twadde plak wie noch okee, mar in fjirde plak is echt ûnder de maat", seit Kramer.
De achtfâldich kampioen hat dêrom wat dingen feroare yn syn tarieding. "Ik wol net te folle yn de details trede, mar kwa periodisearring en training en oare dingen hawwe we wat mear gokt as oars", seit hy dêroer.
Oer de te ferwachtsjen tiden wolle beide mannen ek net al te folle sizze. "Ik gean gewoan sa hurd ride as ik kin, en dan sjogge we it wol", seit Kramer. Ek Bergsma hat noch gjin tiid yn de holle: "Ik hoopje gewoan in goede rit del te setten."
Sven Kramer en Jorrit Bergsma oer de 5.000 meter