Winterblog 11 febrewaris: NK maraton op natueriis fan de baan | IIskoarts yn Fryslân

11 feb 2021 - 22:53
  • It is winter yn Fryslân. Folgje yn dit liveblog de situaasje yn de provinsje fan minút oant minút;
  • Oersjoch iisbanen: sjoch op dizze kaart wêr'tst reedride kinst en help ús om aktuele ynformaasje ta te heakjen;

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:49
Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog fan dizze tongersdei ôf. Tank foar it folgjen. Moarn is der wer in liveblog oer it winterwaar yn Fryslân.

21:33
Fryslân bynt de redens ûnder
20:40
IIskoarts yn Fryslân

Friezen bine massaal de redens ûnder

19:53
Gjin NK maraton op natueriis

It Nederlânsk kampioenskap maratonriden op natueriis mei net trochgean. De regearing hat de plannen fan de KNSB en House of Sports ôfkard. It reedrydbûn is teloarsteld oer it beslút. De KNSB wie al drok dwaande mei de tariedingen foar de wedstriid. "Dit is een heel bittere pil, een enorm zware teleurstelling", reagearret Remy de Wit, technysk direkteur fan de KNSB.

19:00
KNSB riedet NK op natueriis ta

It reedrydbûn KNSB is yn petear mei it ministearje fan VWS en ferskate Veiligheidsregio's oer in mooglik NK maraton op natueriis. It bûn tsjinne dize wike in plan yn by it ministearje, it kabinet moat dêr tastimming foar jaan. Neffens in wurdfierder fan VWS sil der gau útslútsel oer komme.

"Aan de ene kant hebben we het sportvraagstuk: hoe kunnen we de topsportbubbel garanderen? Hoe veilig is het? De risico's op verspreiding van het coronavirus moeten minimaal zijn. Aan de andere kant heb je ook het veiligheidsvraagstuk. Hoe kunnen burgemeesters en veiligheidsregio's handhaven dat er geen publiek komt? Het gaat om het totaalplaatje. Als alles rond is, zou het eventueel kunnen."

Yntusken hat it KNSB al goed 150 riders op it firus teste litten. "Dat er een bubbel wordt gecreëerd is een harde voorwaarde, daarom hebben we dit alvast geregeld", seit in wurdfierder. "Het zegt niets over het al dan niet doorgaan van een NK. Daarover hopen we zo snel mogelijk uitsluitsel te krijgen." De tijd begint te dringen, omdat het volgens de weersvoorspellingen na het weekeinde weer gaat dooien.

Willem Hut, kompetysjelieder by it maratonriden

17:06
Smellingerlân: set auto op goed plak del

De gemeente Smellingerlân warskôget reedriders in goed parkearplakje foar harren auto te sykjen, dêr't se ek wer fuortride kinne. In soad minsken komme op it stuit fêst te sitten mei de auto. "De gemeente kan de auto's niet ter plaatse lostrekken", skriuwt Smellingerlân op Twitter.

16:13
Dwaande mei it iis yn Earnewâld

Op It Wiid yn Earnewâld binne de minsken út it doarp drok dwaande om it iis moai te meitsjen. Mei pompen en túnslangen wurdt der wetter oer it iis spuite yn de hoop dat der moarn in moai baan leit.

14:12
IIs falt ôf

It wie goed kâld yn Fryslân fannacht, mar foar in hiel soad ekstra iis hat dat net soarge. Dat seit Sytse Kroes, iismaster fan De Friesche IJsbond. "We ha der fannacht in sintimeter by krigen. It giet net sa hurd as we wolle soenen."

12:34
Ride op de Iselmar
Foto: CAMJO media
Trefwurden: 
liveblog winterwaar
(Advertinsje)
(Advertinsje)