Piet Paulusma: "Dit binne prima nachten foar de iisoangroei"

11 feb 2021 - 07:12

Mei sokke nachten as de ôfrûne komt it wol goed mei it iis. "Dit binne prima nachten foar de iisoangroei", seit Piet Paulusma. Op in protte plakken yn de provinsje wie it om de -10 graden hinne. "En wat opfalt: Hoarne op Skylge is ien fan de kâldste stasjons fan Nederlân. Dêr wie it -11,3 graden."

De iisbaan yn Wytgaard - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"Folop winterske omstannichheden dus. It komt ek trochdat we farske snie krigen ha." Net allinnich op Skylge wie it kâld: "Yn Ljouwert wie it lange tiid -8, mar dêr hat it ek -9,9 west. Fierder: Doanjum -7, Akkrum -8, Fryske Peallen -9,2 Bakkefean -9,5, Waskemar -10,4 en Haulerwyk -10,8."

Goede temperatueren foar it iis dus, seit de waarman. "Woansdeitejûn is der wol wat lichte snie op it iis fallen, mar gjin grutte laach."

Kommende dagen bliuwt it kâld

De kommende dagen bliuwt it grutdiels kâld. "Tongersdei is de sinne der aardich by. De temperatuer sit om de 0 graden hinne. De wyn komt út ferskate rjochtingen en is swak." Der sit in kâlde nacht oan te kommen: "Fan -6 oant -7 op de eilannen en -8 oant -10 op it fêstelân."

Freed wurdt in echte winterdei, foarseit Paulusma. "Oerdei -2 of -3 graden en yn de nacht -10 of -11. Dat is dus matich oant strange froast." Yn it wykein bliuwt it kâld, al is de froast benammen yn de nacht fan snein op moandei minder strang. Moandei oerdei komme de temperatueren ek yn de plus, hoe't it no liket.

(Advertinsje)
(Advertinsje)