Alwer auto's yn de brân yn Harns, plysje giet út fan brânstichting

Yn Harns binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei twa auto's yn de brân flein. Neffens de plysje giet it om brânstichting. Ien fan beide auto's is folslein útbrând, de oare rekke swier skansearre.
© CAMJO media
De auto's stienen oan de Savornin Lohmanstrjitte. Sûnt de maitiid fan ôfrûne jier binne der geregeld brantsjes yn Harns. Der binne al ferskate auto's útbrând, in bisteferbliuw is ris yn de brân stutsen en der is ek geregeld brân by ferskate gebouwen.
De plysje hie op ferskate plakken kamera's ophongen yn de Oosterparkwyk yn de stêd, mar woansdei waarden de lêsten fuort helle.