Reedriders wurde tongersdei test, mei each op eventueel NK op natueriis

Alle maratonriders dy't meidwaan wolle oan in eventueel nasjonaal kampioenskip op natueriis, moatte tongersdei in coronatest dwaan. Dêrnei moatte de riders yn karantêne. It binne twa stappen dy't reedrydbûn KNSB nimt om in mooglike bubbel foar maratonriders te meitsjen.
Guon riders trainden al op it Nannewiid © NOS
De KNSB hat mei sportmarketingburo House of Sports in plan makke foar dat NK en nei it ministearje stjoerd. Dy sjocht no nei dy plannen en moat bepale oft it NK trochgean mei. Nei alle gedachten komt der tongersdei útslútsel. Folle langer kin it ek net duorje, want nei it wykein rinne de temperatueren wer op en wurdt it dreger om in NK te organisearjen.

Twa senario's

As it ministearje it plan goedkart, binne der twa senario's mooglik, seit de KNSB: of ien wedstriid op ien dei of in wedstriid dy't ferskate dagen duorret.
Oant dy tiid wol de KNSB der dus alles oan dwaan om derfoar te soargjen dat in eventueel NK trochgean kin. De maratonploegen moatte trochjaan hokker riders en wa fan de begelieding de bubbel yn geane. Dat kin letter net mear feroare wurde.

Net te boadskipjen

Al dy minsken wurde tongersdei test op corona. Dêrnei moat elkenien dus yn karantêne. As it mooglik is, moatte de teams al by elkoar wêze en bliuwe. Fierder meie se bygelyks net te boadskipjen en moatte se te tanken by ûnbemanne tankstasjons. Ek moatte se alle dagen in fragelist ynfolje oer de eigen sûnens.