Ensyklopedysk wurk oer goed fiif iuwen einekoaien yn Fryslân

10 feb 2021 - 21:28

Yn it nij ferskynde boek Eendenkooien in Fryslân 1450-2015 jout auteur Gerard Mast yn twa dielen in ensyklopedysk oersjoch fan alle goed 400 einekoaien dy't Fryslân yn de lêste fiif-en-in-heale iuw hân hat.

Foto: Bornmeer

Hy beskriuwt tal fan aspekten lykas de bloeiperioaden yn de 17de en 18de iuw en de geografyske ûntwikkelingen. Ek beskriuwt er de wurkprosessen, boumaterialen en ark en einekoaien as kultureel erfgoed. Gerard Mast wurke earder by Staatsbosbeheer. Hy hat foar syn boek in soad ûndersyk dien yn de argiven.

In einekoai is fan oarsprong in plak dêr't yn it wyld libjende einen fongen waarden foar konsumpsje. In einekoai is in flinke fiver dêr't in tal smelle sleatten op útkomme, de fangpipen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)