Seedykster Toer by Marrum krijt keunst- en rekreaasjebestimming

10 feb 2021 - 19:00

De Seedykster Toer by Marrum wurdt in ferbliuw foar keunstners út de hiele wrâld om in pear moanne of wiken te wurkjen. Se kinne dan bygelyks ûndersyk dwaan of in wurk meitsje. De stâl wurdt omboud ta ateliers en keunstopslach.

Seedykstertoer jout yntroduksje fan it Waadgebiet - Foto: Seedykstertoer.nl

De Seedykster Toer wie fan de famylje Visbeek. Se hiene earder in boerebedriuw en bouden dat om ta in rekreaasjebedriuw. Se woene mear frije tiid hawwe. Eigeners Stephan Valk en Sandra Jansen fan it bedriuw Het Lage Noorden advisearje keunstners en advisearje oer gastfrijheidskonsepten.

De minycamping en de toer bliuwe ek bestean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)