Kampanje om mear learlingen foar eksamen Frysk te krijen

11 feb 2021 - 15:35

Mei in folslein nije en ynnovative kampanje moatte learlingen fan it fuortset ûnderwiis ynspirearre wurde om it Frysk as eksamenfak te kiezen. Dy kar moat ynkoarten wer makke wurde. De Afûk, SJB Media en Omrop Fryslân wolle learlingen dêrby helpe troch sjen te litten hoe leuk, mar ek hoe oft wichtich it Frysk is. Foar de kampanje #DêromFrysk is oansluting socht mei de doelgroep, learlingen kinne mei Google Assistant nammentlik letterlik it petear oangean mei bekende Friezen.

Kampanje Frysk eksamen

It Frysk ûnder de oandacht bringe by dy doelgroep is wichtich, seit projektkoördinator ûnderwiis Lisa Boersma fan de Afûk: "Prosintueel sjoen is de groep learlingen dy't eksamen Frysk docht mar sa'n 3%."

Frysk as eksamenfak kin mar op 13% fan skoallen

De partijen wolle learlingen bewust meitsje fan de foardielen fan it Frysk en kânsen foar de takomst. "En sa wolle we mei dizze kampanje de kommende jierren wurkje ta in gruttere groep eksamenkandidaten", seit Boersma. "Dy bewustwurding hoopje wy breder ynsette te kinnen as allinnich by de learlingen. It is nammentlik noch mar op 13% fan de skoallen mooglik om Frysk as eksamenfak te kiezen."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Mei de filmkes dy't de Fryske 'influencers' sels pleatsten wurde learlingen stimulearre de fraach 'Hey Google, praat met een bekende Fries?' te stellen. Yn it telefoanpetear dat folget fertelt bygelyks Jesse van Wieren dat hy it Frysk wol as eksamenfak hie en dat echt as in kadootsje fielde.

Hilaryske mominten

In unyk konsept, neffens makker en produsint Sipke Jan Bousema: "Om de jongerein te berikken, ha we socht nei ynnovative en unike tapassingen. Mei de kombinaasje tusken Google Assistant en YouTube is it ús slagge in kombinaasje te finen dy't noch nea earder brûkt is en dêr't jongeren it idee by ha echt te beljen mei bekende Friezen. Dy tapassing late al ta hilaryske mominten, want do hast it gefoel as giet de telefoan écht oer."

Lisa Boersma fan de Afûk - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Sifers

Hoewol't de groep vmbo-gt-learlingen dy't eksamen docht grutter wurdt, bliuwt it oantal learlingen dat eksamen Frysk docht noch hieltyd lyts. Yn 2018 wienen der op de Fryske skoalle yn totaal 2.686 eksamenkandidaten vmbo-gt, 2.192 eksamenkandidaten havo en 1.123 eksamenkandidaten vwo. Fan dy ôfdielings dienen dus respektyflik 3,3 persint, 1,3 persint en 1,9 persint fan de kandidaten fan de Fryske fû-skoallen eksamen Frysk.

Yn 2020 diene 145 learlingen eksamen Frysk; 92 vmbo, 28 havo, 25 vwo. Der diene yn 2020 yn totaal 8195 learlingen eksamen yn Fryslân, dat it tal learlingen dat eksamen Frysk dien hat komt del op 1,77 persint. Yn 2019 wienen der 146 learlingen dy't eksamen Frysk dien ha.

Doelstelling: eksamen Frysk op kwart fan skoallen

Troch it begelieden fan skoallen by it ynrjochtsjen fan in trochgeande line Frysk rjochting eineksamen plus de bewustwurding fan de mearwearde fan it Frysk (begeliedingspetearen op direksjenivo) is de doelstelling dat it yn 2024 op 25% fan de skoallen mooglik is om Frysk eksamen te dwaan.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op it Drachster Lyceum

(Advertinsje)
(Advertinsje)