Foppe de Haan ambassadeur lanlike faksinaasjekampanje

10 feb 2021 - 17:44

Foppe de Haan is presintearre as ien fan de ambassadeurs fan in lanlike faksinaasjekampanje. De eardere fuotbaltrainer fan SC Hearrenfean strûpt de mouwen letterlik op, om sjen te litten dat er him faksinearje lit tsjin it coronafirus. De Haan stiet yn it rychje fan ambassadeurs mei ûnder oare Erica Terpstra en Bennie Jolink.

Foto: -

De Haan docht mei oan de promoasjekampanje omdat er it belangryk fynt dat elk him faksinearje lit. "It is foar ús allegearre fan belang. Jo binne net allinnich op de wrâld. Al haw ik mar in pear minsken oer streek helle, dan is dat moai. Ik sjoch trouwens om my hinne dat de measten fan myn soartgenoaten stean te springen om it faksin."

Foppe syn libben is ek stilfallen mei de coronakrisis. "It is wol wat in stillibben no. In lytse wrâld. Thús wêze en wat fytse, wat kuierje en hooplik daliks wat ride, dan hâldt it wol op. Myn libben wurdt foar it grutste part bepaald troch fuotbal. Wat ik it measte mis is op sneontemoarn efkes nei it fuotbalfjild rinne en nei de fuotbaljende bern te sjen. Dat fyn ik fantastysk. En ik soe ek noch jeugdtrainers coache, mar dat komt der ek net fan. Ferrekte spitich."

De Haan snapt de coronafirusûntkenners net. "Ik snap wol mear dingen net. As se gjin faksin hawwe wolle, dogge se it net. Ik haw der gjin oardiel oer. Mar jo binne net allinnich op de wrâld. It hat ek ynfloed op oare minsken."

Wannear't er sels faksinearre wurdt, wit Foppe de Haan noch net.

Foppe de Haan

(Advertinsje)
(Advertinsje)