CV-monteurs hawwe it drok mei steuringen: "Draai de kachel nachts net nei ûnderen"

It sil je mar oerkomme mei dizze lege temperatueren; in stikkene cv-tsjettel of waarmtepomp. De oanhâldende kjeld soarget foar flinke problemen en drokte by ynstallaasjebedriuwen.
CV-monteurs hawwe it drok mei steuringen: "Draai de kachel nachts net nei ûnderen"
De hiele dei troch giet de telefoan by Damstra Installatietechniek yn Ljouwert. CV-tsjettels jouwe steuringen, waarmtepompen kinne it net oan en der binne problemen mei bûtenkranen.
It bedriuw ferwachtet letter dizze wike dat der ek mear liedingen beferzen reitsje troch de ekstreme lege temperatueren. De drokte hat in ynstallaasjebedriuw wol ferwachte, se binne der goed op taret. Se planne de steuringen op basis fan prioriteit. Sa krije minsken mei lytse bern, bedriuwen of bygelyks hotels foarrang. En ek al ha se in soad te dwaan, "yn de simmer is it eins noch drokker as no", seit cv-monteur Patrick Hulshoff. Dat komt troch airco's dy't de waarmte net oankinne. Hulshoff: "Yn de winter wolle minsken yn de waarmte sitte en yn de simmer wolle se just kjeld."
Ferslachjouwer Johanna Brinkman sjocht by ynstallaasjebedriuw Damstra
Bewust de kachel jûns nei ûnderen draaie om enerzjy út te sparjen is yn dizze tiid gjin goed idee. Neffens Roelof Jan Rinsma fan Damstra Installatietechniek moatte je trochstoken bliuwe: "Je moatte de temperatuer net te folle nei ûnderen draaie fannacht, de waarmte moat deryn bliuwe."
Foaral minsken mei in waarmtepomp en flierferwaarming is it oan te rieden om de kachel op bygelyks 20 graden te hâlden, seit Patrick Hulshoff. "Oars duorret it oeren foardat it wer waarm wurdt en troch de kjeld moat de ynstallaasje yn hûs der ekstra hurd oan lûke."
Problemen mei cv's kinne foarkommen wurde troch ûnderhâldsbeurten dwaan te litten.
Ferslachjouwer Johanna Brinkman is mei cv-monteur Patrick Hulshoff op 'en paad