Utstelbere operaasjes yn sikehûs MCL gean kommende twa wiken net troch

Net-needsaaklike operaasjes yn it Ljouwerter sikehûs MCL gean de kommende twa wiken net troch. Ek bliuwt de ôfdieling onkology foarearst ticht. De ôfdieling waard ôfrûne freed sletten fanwege in útbraak fan corona.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Neist de soarch foar coronapasjinten kin it sikehûs allinnich mar help biede oan pasjinten mei in medyske needsaak, sa seit wurdfierder Frits Mostert. It giet dan om pasjinten dy't binnen seis wiken holpen wurde moatte.
It is yn alle gefallen de behanneljend dokter dy't bepaalt oft de medyske needsaak by in pasjint grut genôch is. "Als de arts bepaalt dat een operatie niet medisch urgent is, dan zal die vermoedelijk worden uitgesteld." It sikehûs hopet dat dizze behannelingen oer twa wiken wer oppakt wurde kinne.
Dêrneist is de opnamestop op de ôfdieling onkology foarearst ferlinge. "Er wordt nu een plan gemaakt om oncologie volgende week te herstarten, mits dat verantwoord kan." Earder dizze wike naam it sikehûs al yngreven maatregels om fierdere besmetting mei it coronafirus tsjin te gean nei in útbraak op de ôfdieling onkology.
Underwilens is in grut part fan it personiel fan it sikehûs test op corona. Dat ûndersyk is noch net klear, mar foarearst liket it derop dat it tal ekstra besmettingen tafalt.