Net-essinsjele winkels meie wer ferkeapje; bliid mei wat hannel om de doar

10 feb 2021 - 16:20

Undernimmers binne bliid dat se wer wat hannel om de doar ha. Woansdei is de earste dei dat dat wer mei foar net-essinsjele winkels. Minsken kinne bygelyks klean, skuon of húshâldguod bestelle en ôfhelje oan de winkeldoar: it saneamde click & collect-prinsipe.

Net-essinsjele winkels meie wer ferkeapje; bliid mei wat hannel om de doar

In soad ûndernimmers litte de klanten net binnen, mar leverje de bestelde produkten by de winkeldoar. Se binne bliid dat der wer wat te dwaan is yn harren bedriuw. Lykas Alina Smits fan in winkel yn berneklean en lifestyleprodukten yn Ljouwert. Se hienen wol in webshop, mar click & collect is wol wat oars.

"It makket it foar minsken dochs makliker om te bestellen", seit Smits. "Omdat se gjin ferstjoerkosten hoege te beteljen ûnder de 75 euro. We misten de minsken wol. We binne bliid dat we se dochs wer even sjen kinne."

De winkels wurkje mei in tiidskema. Klanten kinne belje, maile of fia ynternet bestelle. Dan wurdt in planning makke foar it ôfheljen, want der moat fjouwer oeren tiid tusken de bestelling sitte.

Alina Smits

(Advertinsje)
(Advertinsje)