Bakkerij op De Harkema helpt kappers yn need fanwege coronasluting: "Hertferwaarmjend"

10 feb 2021 - 15:34

It binne drege tiden foar kappers, dy't lykas in soad oare kontaktberoppen al in skoft ticht binne en dat ek noch wol efkes bliuwe. Op De Harkema krije kappers stipe út ûnferwachtse hoeke: fan de pleatslike bakker. En der komt mear help.

Foto: Kapsalon Antoinette De Harkema

"De kappers binne ek ús klanten. Wy binne gelokkich noch iepen en sy net. Wy sjogge se stadichoan ôfsakjen en wolle se helpe. Der plat foar. Wy moatte it mei ús allen ferdiele", seit Gepke Holthuis fan bakkerswinkel 'Bôle en sa'.

De bakkerij biedt help troch pakketten gear te stallen dy't besteld wurde kinne. "Dizze wike bestiet it pakket út in hertfoarmige Falentynstaart en oare lekkere dingen. Oare wike betinke we wer wat oars. Minsken kinne it pakket bestelle tsjin in priis fan goed 20 euro en de hiele opbringst giet nei de kappers."

"Hertferwaarmjend", fynt Annie Brouwer fan kapsalon Antoinette it. "Wy binne solidêr hjir op De Harkema en dat is yn Den Haag fier te sykjen."

Har kapsalon is al sa lang ticht en it personiel moat 100 prosint trochbetelle wurde. De fergoeding fan it Ryk is te leech om de saak draaiende te hâlden, seit se. Der is ek al in jildaksje foar Brouwer har kapperssaak opset en in oare pleatslike ûndernimmer ferkeapet fleis op bestelling. De opbringst dêrfan giet ek nei har ta. De kapperssaak is no al salang ticht dat alles ôfglidet, seit Brouwer. "Jo sjogge jo bankrekken ferdampen."

Gepke Holthuis en Annie Brouwer

(Advertinsje)
(Advertinsje)