RIVM meldt 124 nije besmettingen; 10 minsken stoarn oan coronafirus

10 feb 2021 - 15:34

It RIVM meldt woansdei 124 coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne 36 mear as tiisdei, doe wiene it 88.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Fan de besmettingen dy't meld binne, komme de measten út de gemeente Ljouwert mei 29.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren tsien stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten De Fryske Marren (2), Ljouwert (2), Tytsjerksteradiel (2) Noardeast-Fryslân (1), Smellingerlân (1) en Súdwest-Fryslân (1).

Der binne 7 minsken yn it sikehûs opnaam, it giet om minsken út Dantumadiel (1), De Fryske Marren (1), Ljouwert (1) en Súdwest-Fryslân (4).

Lanlik

Lanlik meldt it RIVM likernôch 3226 nije besmettingen.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)