Q&A: Fiif fragen oer de Alvestêdetocht en de opskuor yn it lân

It like yn Den Haag de ôfrûne dagen mear oer de Alvestêdekoarts te gean as oer it coronafirus. Wylst it foech oer it hâlden fan de tocht dêr hielendal net leit. Foarsitter Wiebe Wieling fan Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden, kommissaris fan de Kening Arno Brok en foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân wiene te gast yn De middei fan Fryslân. Fiif fragen oan de manlju oer de Alvestêdetocht:
© Omrop Fryslân

1. Wêrom giet de Alvestêdetocht sawiesa net troch?

Wiebe Wieling: "It kin gewoan net. Ek al soene je it goed organisearje kinne. Mei de maratonriders wurdt in sportbubbel opset, mar dat is wat oars as in gigantyske groep minsken oer 200 kilometer ride litte. Dat is net te befeiligjen en de folsleine rûte is nea fan publyk frij te hâlden. It like dizze wike wol as wie it coronaprobleem al oplost. It gie allinne mar oer reedriden."
Sybrand Buma follet him oan: "Der leit in grutte ferantwurdlikens by de feriening en de Veiligheidsregio. It is sa'n spektakel, as it mis giet krije je it ferwyt: wat hawwe jimme dien? Ik hie in petear mei de Fryske boargemasters, sy seine ek: Friezen binne net dwaande mei in Alvestêdetocht. Wy moatte ynsette op in wykein mei moai rekreaasjeride. Dat is al dreech genôch."
Woansdeitemoarn hat Wieling noch mei in rayonhaad sprutsen by de Alvestêdebrêge yn Gytsjerk. "Dy wie dwaande om de rûte by del te rinnen en sei ek: it is gewoan in laach brijtroep. Op dizze tsien kilometer is der net ien plak dêr't wy goed ride kinne." Boppedat slacht moandei it waar nei alle gedachten al wer om.

2. Binne der gjin alternative wizen om dochs in tocht te hâlden?

Wieling: "Wy hawwe echt bizarre foarstellen krigen fia de e-mail. Kinne jimme net op alve plakken tagelyk begjinne mei de Alvestêdetocht? Kinne jimme net stikem de wedstriid om tolve oere yn de nacht begjinne? Wy hawwe serieus sokke berjochten krigen fan minsken dy't soks opset hawwe. Mar dêr hawwe wy gjin ferlet fan. Dit is ús tradysje, en it is no net coronafrij te organisearjen."

3. Kinne je de wedstriid en de tocht foar de oare riders net útinoar lûke?

Wieling: "De Alvestêdetocht stiet ek foar ús kultuer. It is just de kombinaasje fan de wedstriid en de 25.000 man dy't besykje om de tocht te heljen. Dy hearre byinoar. Je kinne it útinoar helje wolle, mar wy sizze: dat kin net. En sjoch nei de maatregels: foar 21.00 oere moat eltsenien thús wêze en je meie hast gjin besite. Ek dat spilet allegearre. Dus it is mear as allinne it riden foar de sportminsken."

4. Wat docht alle opskuor mei it bestjoer fan De Friesche Elf Steden?

Wieling: "De measte minsken snappe it aldergeloks wol. In Alvestêdetocht mei oardel miljoen besikers en 25.000 minsken op it iis organisearje, dat kin op dit stuit gewoan net. Dêr hawwe wy ek hast gjin kommentaar op krigen. It kin gewoan net op dit momint op dizze wize organisearre wurde. Wy sitte as bestjoer fan de feriening op 't heden om de dei byinoar en hawwe dit yn 't foar goed trochpraat."
Ek foar kommissaris fan de Kening Arno Brok smyt it winterwaar in soad wurk op, hy sit woansdei wer yn in praatprogramma op telefyzje. "Mar ik wurd der net wurch fan, hear. It is goed om mei-inoar op te lûken foar de Fryske saak. It giet om ymmaterieel kultureel erfgoed. Dêr moatte wy ek tankber foar wêze. It is in sport dy't troch de mienskip droegen wurdt. En in soad minsken tochten dat it mei de klimaatferoaring net mear koe. Je sjogge mar wer: der is dochs in kâns."
"Wat Brok seit is krúsjaal," seit Wieling. "De lêste jierren hearden wy allinne mar minsken sizzen: wêr binne jimme as feriening mei dwaande. Mar ik haw altyd sein: as de Russyske bear efkes langer lizzen bliuwt, dan kin it in kear."

5. Moat polityk Den Haag meibeslute oer de tocht?

Brok: "Dat politisy der sa mei dwaande binne dat begryp ik ek wol, sy hawwe ek wolris nocht oan in aardichheidsje. It lêste jier hawwe wy sa drok west mei oare saken. By it debat tusken de listlûkers waard koartlyn ek praat oer de Alvestêdetocht. Ja jonges, litte wy it oer oare dingen hawwe, tocht ik doe. Ferieningen en leden moatte oer it iis beslisse, net de partijpolityk yn Den Haag."
Buma is it mei him iens: "Ik lies in krantekop: 'Meerderheid Tweede Kamer wil Elfstedentocht.' Mar ik wist wol fan Wiebe Wieling dat it net mooglik wie. Betink dêr ek by: ús startlokaasje Ljouwert is ek it plak dêr't op corona test wurdt en dêr't minsken in faksin krije. It sikehûs MCL hat op dit stuit te krijen mei in grutte útbraak fan it coronafirus. Dus in Alvestêdetocht dêr: dat kin net, dat is net mooglik. Op sokke mominten sjogge je dat Fryslân in oar plak is as Den Haag."